Baldrs Draumar – Deät Lun

Letra “Baldrs Draumar – Deät Lun” Official Lyrics

Grien is dyn lân,
Read is dyn râne,
Wyt is dyn sân,
De kleuren fan ús Hilgelân.

Troch see omklamme, grien en stien
In fêste rots foar eltsenien
Forsites troan, bring ús hannel en rjocht
Hillich lân op dy bin wy Friezen sljocht
Deät Lun

Lyricsbyletras.com

Goaden en keningen, hearsker en tsjinners
Sy klonken op Hilgelân, hoarnen fol mea
Weda, hy brocht dêr de tolve asegas
Sy doarmen yn’t tsjuster, hy hearde har bea
Mеi in gouden bile tespjaltеn hja dyn grûn
Út dy brûzjende boarne streamde it rjocht
Ferbûn doe de stammen en smeide de sibben
Frijdom wie de heechste wet yn it Fryske hert

Tongere hat it yn dyn blauwe loften
Fjoer en ferdjer frieten oan dyn geve lea
Wjerljocht en wriggen spoeken rûnom dy
Al hoe tsjuster it ek wie, dyn flam dôve nea
Reade rots fan Anna en sêft sân fan Düne
In haven ha jim west foar eltse Fries
Foar Klaus Störtebeker mei syn Likedielers
Foar striders en rôvers, foar eltse biis.

Search music video on youtube:

    Descubra mais sobre LyricsByLetras

    Assine agora mesmo para continuar lendo e ter acesso ao arquivo completo.

    Continue reading